Nynke Laverman - Leafdesbang

Song Rating: 8.56/10

Song lyrics:

Wang oan wang
Stil en lang
Stean wy
Wang oan wang
Leafdesbang

Hoeden noch
Gloeit de gloed
Fan hûd lâns hûd
Myn azem trillet
Lâns dyn linkerear

Ús liven roppe
Sy witte sy wolle
Ús liven langje
En stadichoan
Fal ik yn dyn hân

Giest mei
Leaf, giest mei

Wang oan wang
Al te lang


Stean wy
Wang oan wang
Leafdesbang

Ik fiel dyn wifel, in pine
Dyt omraast yn in oar ferline
Triennen falle as hast fergetten wiet
Sjonge wer har hertferskuorrend liet

Ús liven roppe
Sy witte sy wolle
Dyn siel ferstivet:
Net ferlieze, net ferlieze
Mar ús liven roppe
Sy witte sy wolle

Jou my dyn hân
Jou my dyn hân
Jou my dyn hân
Jou my dyn hân

En dûnsje
Mei my

Date of text publication: 16.01.2021 at 19:24